Yn it EU-belied is ferankere dat eltse boarger yn de Europeese Uny meartalich wurde moat (COM, 2008). Foarearst binne lykwols net alle typen fan meartalichheid yn de deistige praktyk fan learkrêften erkend as in oanwinst foar it learen. Foaral de migrantetalen wurde op skoalle negearre of ferbean (Pulnix, Van Avermaet & Agirdag, 2015). Famyljes wurde sels beynfloede om minder yn harren thústalen te kommunisearjen, wat negative gefolgen hat foar de taal- en kognitive ûntwikkeling hawwe kin (Bialystok, 2001).

 

Neffens taalûntwikkelingssaakkundige Jim Cummins (2001, p. 19):

“To reject a child’s language in the school is to reject the child.” (Ast de taal fan in bern yn skoalle ôfwiisd, dan wiisd it bern ôf.)

 

De fraach foar basisskoallearkrêften is lykwols: hoe kinne wy mei ferskillende talen omgean sadat wy alle bern yn harren taalûntwikkeling stypje? Ut ynternasjonaal ûndersyk blykt dat derfoar net alline in positive hâlding tsjinoer de talen fan de learlingen nedich is, mar dat ek kennis oer meartalige taalûntwikkeling en praktyske feardichheden om dy kennis didaktysk ta passe te kinnen in betingste is .

 

It projekt hie in holistys meartalich ûnderwiismodel (Duarte, 2017) wêryn’t wurdearring fan taal oant ûnderdompeling yn de taal plak yn hat.

It Talen4all-projekt is in projekt

fan NHL Stenden Hegeskoalle

en wurdt finansierre troch

de Provinsje Fryslân