minder taalskieding | wurdearring fan it Frysk en oare talen

Troch it pilotprojekt Talen4all woenen de Akademy Primêr Underwiis (PU) en it lektoraat Frysk en Meartaligens fan de NHL Stenden Hegeskoalle yn direkte gearwurking mei acht skoallen yn Fryske stêden aktiviteiten ûntwikkelje, ymplemintearje en evaluerje dy’t ynsette op:

  1. positive attitudes fan learkrêften en learlingen t.o.f. de wurdearring en it gebrûk fan de Fryske taal neist oare talen.
  2. minder taalskieding tusken de offisjele fiertalen en mear eksplisiete taalferiking.

It Talen4all-projekt is in projekt

fan NHL Stenden Hegeskoalle

en wurdt finansierre troch

de Provinsje Fryslân