Achtergrûnferhaal

 

It freedsum bûtenierdsk folkje de Taalmeunsters hie in missy. Elts Taalmeunster soe in taal leare fan in lân op de planeet ierde, se woenen nei de ierde fleane om de minsken op ierde te fertellen oer harren superskjinne en ûnbeheinde enerzjy. Spitich genôch stoarte it rûmteksip ûnderweis nei Nederlân del troch in kommunikaasjeprobleemke. Kinsto de Taalmeunsters helpe? Sykje yn dyn doarp of stêd nei de Taalmeunsters mei help fan in app, stel se gerêst yn de de taal dy't harren leard is en soargje dat se allegear wer werom keare kinne nei it rûmteskip sadat se noch harren missy foltôgje kinne.

De Taalmeunster hawwe harren út foarsoarch en foar harren eigen feilichheid opsletten yn fuotgongersbuorden. Mei in spesjale technology soargje se derfoar dat se troch minsken net sjoen wurde kinne. Gelokkich kinsto in spesjale app op dyn telefoan of tablet sette sadatsto se wol fine kinst.

Hoe wurket de app?

 

De Monstertaal app is in ‘augumented reality game’ (AR). Hjirby wurde bylden oer it byld fan in telefoan of tabletkamera hinne generearre sadat hja dingen sjen kinne dy’t der yn it echt net binne. It spultype is te ferlykjen mei Pokémon GO, dêr’t op allegear lokaasjes fiktive Pokémon sammele wurde kinne. Ek de Taalmeunsters moatte sammele wurde sadat se werom kinne nei harren rûmtekskip. In Taalmeunster lit him lykwols net sa maklik fange. Om syn fertrouwen te winnen moatst him gerêst stelle.

Sken mei dyn telefoan of tablet in fuotgongersbuord, beantwurdsje de fragen krekt en befrijd alle 20 Taalmeunsters! Elts fan de 20 Taalmeunster sil dy in fraach stelle yn in bútenlânske taal. Do moatst útsykje hokker taal it is oan de hân fan in mearkarfraach. Hjirby kin ek in lûdsfragmint belústere wurde. Dêrnei moatst de oersette wurden yn de goede folchoarder sette. De oersette wurden stean al yn byld en moatte op it goede plak sleept wurde. As de antwurden goed binne meist it Taalmeunster sammelje. Is it antwurd net goed dan ferstoppet it Taalmeunster him wer en moatsto him opnij sjen te finen.

 

Bekijk ook dit instructiefilmpje:

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Tink der om: elts Taalmeunster sit yn in oar fuotgongersbuord ferstoppe, do moast dus 20 ferskillende fuotgongersbuorden fine. De minimale ôfstân tusken de buorden moat 50 meter wêze. Binne der yn dyn omjouwing net genôch buoren? Dan kinst it ûndersteande plaatsje fan in fuotgongersbuord dellade en printsje en sa dyn eigen rûte útstippelje.

Downloaden

Sykje yn de App Store / Google Play Store op ‘Monstertaal’ of brûk de folgjende links om it spul te delladne:

It Talen4all-projekt is in projekt

fan NHL Stenden Hegeskoalle

en wurdt finansierre troch

de Provinsje Fryslân