Activiteit

Doelstelling

By dizze aktiviteit leare learlingen inoar de dagen fan de wike yn ferskate talen.
Soks befoarderet in positive hâlding tsjinoer oare talen en kultueren.

Mei dizze aktiviteit komme learlingen yn de kunde mei de talen fan harren klasgenoaten. Trochdat de learlingen harren thústaal brûke meie, fiele se harren ek mear wurdearre.

Mei dizze aktiviteit komme learlingen yn de kunde mei de talen dy't klasgenoaten prate. De aktiviteit jout dêrneist stipe by it learen fan nije wurden.

Mei dizze aktiviteit wurdt it Fryske taalbegryp fan Frysktalige en net-Frysktalige learlingen fergrutte troch it sjongen fan Fryske ferskes.

Yn dizze aktiviteit leare de learlingen de nammen fan ferskate stikken klean yn it Frysk en besykje dy oer te setten fanút harren eigen taal. De fiertaal fan de les is Frysk.

Yn dizze aktiviteit komme learlingen sjongend yn de kunde mei oare talen. Alle talen út de klasse (en derbûten) kinne behelle wurde by dizze aktiviteit.

Mei dizze aktiviteit leare learlingen te tellen yn meardere talan; net alline yn it Nederlânsk of Ingelsk, mar ek yn oare talen dy’t yn de klasse foarkomme, sa as bygelyks it Poalsk, Arabysk of Frysk.

Mei dizze aktiviteit leare learlingen in Elfke (koart gedicht fan 11 wurden) te skriuwen yn harren thústaal en dy yn twatallen oer te setten nei in oare taal.

Yn dizze aktiviteit binne learlingen op in kreative wize dwaande mei taal. Se meitsje keamers nei út it boek ‘It Mûzehûs’. De fiertaal foar it ferhaal en de ynstruksjes is Frysk of Ingelsk.

Yn dizze aktiviteit leare learlingen de wurden en it byld út in printeboek yn in foar harren ûnbekende taal te keppeljen oan it Nederlânsk. Soks befoarderet harren taallearstrategyen.

By dit projekt, dêr’t in meartalich toanielstik opfierd wurd, leare learlingen op in muzikale wize oer oare talen.

By dizze aktiviteit leare learlingen mear oer de talen dy’t op inoar lykje en ta deselde taalfamylje hearre: it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk.

Mei dizze aktiviteit komme learlingen yn de kunde mei alle talen yn de klasse. Se leare it wurd wolkom en hoi yn meardere talen.

Yn dizze aktiviteit leare de learlingen in meartalich gedicht te skriuwen. Dat dogge se troch oare talen te brûken, mar ek troch eigen ‘geheime’ wurden te  betinken.

Dit lesplan is bedoeld foar it yn de kunde kommen mei de app Monstertaal. Mei de Monstertaalapp komme learlingen boartsjendewei yn de kunde mei ferskate talen.

Troch dizze aktiviteit leare learlingen om in tal deistige foarwerpen non-ferbaal te freegjen oan harren meilearlingen. Oan de ein fan de les wurdt dat presintearre.

Mei dizze aktiviteit leare learlingen, troch middel fan it brûken fan foar harren  ûnbekende talen en fantasijtaal, strategyen om inoar te begripen.

Mei dizze aktiviteit leare learlingen in koart gedicht (Elfke) te skriuwen oer en yn de eigen taal/kultuer. It Elfke wurdt op in silhûet skreaun dat de learlingen fersierje kinne yn de kleuren fan de troch harren keazen taal/lân/flagge.

Groep

Under-, midden- en boppebou

Under-, midden- en boppebou

Under-, midden- en boppebou

Underbou

Underbou

Underbou

Under- en middenbou

Middenbou

Middenbou

Middenbou

Middenbou

Middenbou

Midden- en boppebou

Midden- en boppebou

Midden- en boppebou

Boppebou

Boppebou

Boppebou

It Talen4all-projekt is in projekt

fan NHL Stenden Hegeskoalle

en wurdt finansierre troch

de Provinsje Fryslân