Wêrom it Talen4all-projekt?

 

Talen4all wie in ienjierrich pilotprojekt opset fanút de Akademy Primêr Underwiis (PU) en it lektoraat Frysk en Meartaligens fan de NHL Stenden Hegeskoalle. It doel fan Talen4all wie it ûntwikkeljen fan meartalige (les)aktiviteiten dy’t yn it eigen ûntwikkelingsprofyl fan de skoallen passe, dizze aktiviteiten út te fieren en te evaluearjen. Dat fanút it perspektyf dat it liede sil ta it ûntwikkeljen fan in positive hâlding by learlingen en learkrêften oangeande alle talen dy’t by de bern oanwêzich binne, werûnder foaral it Frysk. Der waard eksperimintearre mei minder taalskieding tusken de offisjele fiertaal/fiertalen en oare talen. Dêrnjonken waard der gebrûk makke fan mear eksplisite taalferliking.

Hoe waard der wurke?

 

Der namen acht basisskoallen diel oan it projekt. Sy wurken ‘bottum-up’ gear mei undersikers fan de Akademy PU en it lektoraat Frysk en Meartaligens. Binnen eltse skoalle waarden twa aktiviteiten ûntwikkele, ymplemintearre en evaluearre. Dy aktiviteiten falle ûnder de trije haadmodules: attitude, kennis en feardichheden.

 

De ûntwikkele aktiviteiten falle ûnder fiif kategoryen:

  • Bewustwêzen fan eigen talen en de talen yn de omjouwing
  • Kennis oer talen yn Fryslân, Europa en de wrâld
  • Kennis oer taalferskillen (wurdskat en sinopbou)
  • Taallearstrategyen
  • Kennis oer kulturele diversiteit.

 

De aktiviteiten wienen benammen rjochte op de boppebou fan de basisskoallen. Alle ûntwikkele aktiviteiten binne yn in online Talen4all-toolbox ûnderbrocht, dy beskikber stelt wurdt oan skoallen binnen en bûten it projekt. Neist de aktiviteiten fûnen der stúdzjedagen plak en koenen learkrêften dielnimme oan wurkwinkels op de NHL Stenden Hegeskoalle. Dêrnjonken waard der ûndersyk dien nei de taalattitudes fan de learkrêften en learlingen. Ta beslút wurdt der in app ûntwikkele om boppebou-bern op in buortlike manier mei meartaligens yn oanrekking komme te litten.

Hokker skoallen wurken mei oan it projekt?

 

Oan it projekt dienen acht skoallen mei. De skoallen dy’t meidien oan dit projekt falle ûnder minimaal ien fan de folgjende neamde skoaltypen:

  • basisskoallen mei in ûntheffing (of ûntheffing foar in part) foar it fak Frysk.
  • basisskoallen yn in stêdlik gebiet mei in heech persintaazje Nederlânsktalige bern.
  • basisskoallen yn in stêdlik gebiet mei in heech persintaazje oarstalige bern.

 

De dielnimmende skoalle wienen:

1. OBS de Wielen, Ljouwert

2. OBS Eestroom, Ljouwert

3. OBS Trianova, Ljouwert

4. Plataanschool, Ljouwert

5. IKC Wiarda, Goutum

6. De Uniaksoalle, Wurdum

7. OBS van Maasdijkschool, It Hearrenfean

8. De Westermarskoalle, De Jouwer

 

 

 

 

It Talen4all-projekt is in projekt

fan NHL Stenden Hegeskoalle

en wurdt finansierre troch

de Provinsje Fryslân